It Polytburo fan 18 febrewaris 2019 17:45

It is de grutste bestjoerskrisis yn Fryslân fan de lêste jierren: dy yn De Fryske Marren. It konflikt oer it al as net tastean fan sânwinning soarge foar in skuor yn it kolleezje. It fertrouwen fan it CDA en de VVD yn de FNP is folslein fuort, nei de "draai" dy't de Frysk Nasjonalen yn it sânwinningsdossier makken. De fraach is no: "hoe no fierder?". Te gast is de fraksjefoarsitter fan de grutste partij yn De Fryske Marren, Jan van Zanden fan it CDA. Kinne sij wol om de FNP hinne?

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)