Fenna Feenstra, fraksjefoarsitter fan de SP yn Provinsjale Steaten, is jûn te gast yn It Polytburo. Mei har sille Andries Bakker en Eric Ennema it ha oer de salaris-ôfdracht. Steateleden en de deputearre moatte har salaris sels yn ûntfangst nimme, it jild mei net streekrjocht nei de partij. Foar de SP is dat in prinsipekwesje, mar Feenstra leit har der mar by del. Fierder sil it gean oer de opfolging fan partijlieder Emile Roemer, en oer it feit dat de SP yn Fryslân eins mar gjin poat oan 'e grûn krije kin.