It Polytburo fan 18 april 2017 18:45

De Harnzer wethâlder Maria Le Roy is jûn te gast yn It Polytburo. Al langer leit Le Roy ûnder fjoer: se soe min kommuniseare, en sels jout se wol ta dat se der betiden mei in "gestrekt been" yn giet. In moasje fan wantrouwen oerlibbe se foarige wike, mar it ynsetten fan dit swiere middel hat har wol sear dien, seit se. It ôfrûne peaskewykein hat se brûkt om nei te tinken. Is Maria Le Roy te grut foar Harns?

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)