It Polytburo fan 17 septimber 2018 17:45

D66 liket him yn in frije fal te befinen. Yn de lêste peilings is de partij halvearre, en de posysje fan polityk lieder Alexander Pechtold stiet ta diskusje. Soks hat ek gefolgen foar provinsjale ôfdielings. Andries Bakker en Eric Ennema prate jûn mei de Fryske listlûker foar de kommende steateferkiezings, Romke de Jong fan De Gordyk. Sit hij noch wol by de goeie partij?

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)