It Polytburo fan 17 jannewaris 2017 18:45

Ultsje Hosper is jûn te gast yn It Polytburo. Fan 't maaitiid nimt hy ôfskied fan de FNP, de partij dêr't er fjouwer jier foarsitter fan wie. De FNP is fan aksjepartij in echte bestjoerderspartij wurden. Dochs liket de groei der by de partij, seker provinsjaal, wat út te wêzen. Hoe kin de FNP de Fryske kiezer foar him winne? Wêr binne de oansprekkende tema's?

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)