It Polytburo fan 17 desimber 2018 17:45

It wie in bittere pil foar de Fryske PvdA, doe't se by de formaasje fan it kolleezje fan deputearre steaten yn 2015 bûten de boat foelen. Foar it earst docht de partij net mei oan it provinsjaal bestjoer! Dat wolle se de kommende ferkiezingen net wer barre litte, de nije listlûker Marijke Roskam moat dêr foar soargje. Sneon is se offisjeel de foarfrou foar de sosjaal-demokraten wurden. Wat bringt Roskam? Se hat gjin inkele politike erfaring -hoe slim is dat? Andries Bakker en Eric Ennema prate yn de lêste ôflevering fan It Polytburo fan 2018 mei Marijke Roskam.

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)