It Polytburo fan 16 septimber 2019 17:35

It stikstofbeslút fan de Raad fan State set tûsenten projekten yn ús lân op slot, èk yn Fryslân. Sa kin der foarearst net fierder wurke wurde oan de Ofslútdyk, en soe ek de nijbou fan it Cambuurstadion yn Ljouwert wolris yn gefaar komme kinne. Wat kin de provinsje hjir eins oan dwaan? Dat lizze Andries Bakker en Eric Ennema foar oan lânboudeputearre Johannes Kramer foar -lânbou wurdt ommers sjoen as ien fan de belangrykste oarsaken fan de útstjit fan stikstof. En: wat ferwachtet Kramer fan it kabinet, no't moarn wer de tradisjonele Prinsjesdei is?

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)