It Polytburo fan 16 oktober 2017 18:45

It hat even duorre, mar we ha in regearing, VVD, CDA, D66 en de ChristenUnie sille Rutte III foarmje. Yn It Polytburo sil it Ljouwerter keamerlid Harry van der Molen (CDA) besykje út te lizzen werom't dit kabinet der no krekt komme moast. En fansels sille we it ha oer de stuolledûns: wa komt wêr? Krijt syn CDA de post lânbou? En wat wol Van der Molen sels eins?

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)