It Polytburo fan 16 maaie 2017 18:45

    Al sûnt 1945 is de PvdA de grutste partij yn Ljouwert. Dat koe by de gemeenteriedsferkiezings yn novimber wolris hiel oars wurde. Ommers: by de lêste ferkiezings yn maart waarden de sosjaaldemokraten, ek yn Ljouwert, fuortfage. De VVD sjocht syn kâns, yn It Polytburo in gesprek mei de nagelnije listlûker Serge Hollander. En fansels sille we it mei him ek ha oer de mislearre formaasje.

    It Polytburo

    Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
    Presintaasje: 
    Andries Bakker & Eric Ennema
    (advertinsje)