It Polytburo fan 16 desimber 2019 17:30

Yn de lêste ôflevering fan It Polytburo fan 2019 is kommissaris fan de kening Arno Brok te gast. Andries Bakker en Eric Ennema sjogge werom op it hast ôfrûne jier. En dan giet it fansels oer de hieltyd gremitiger wurdende boere-aksjes, oer it Frysk yn it basisûnderwiis, en oer it feit dat binnen in healjier twa listlûkers Provinsjale Steaten ferlitten hawwe, Matthijs Sikkes-Van Den Berg fan Grien Links en Marijke Roskam fan de PvdA. Oan de ein fan it petear is wer de "live"-cartoon fan Gerco van Beek te sjen.

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle freeds in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)