It Polytburo fan 16 april 2018 18:45

It liket hast in striid tusken boer en natuer te wurden: it plan fan seis opposysjepartijen yn Provinsjale Steaten om de Fryske natuer wer "yn balâns" te bringen. PvdA, D66, Partij voor de Dieren, 50Plus, ChristenUnie en Grien Links wolle it grûnwetterpeil yn it feangreide-gebiet omheech bringe. Sa moat de biodiverisiteit tanimme. Dat, en alle oare plannen, stjit op fûleinige tsjinstân fan CDA en VVD, dy fine dat it boeren sa ûnmooglik makke wurdt om noch in goeie bedriuwsfiering te hawwen. Yn It Polytburo ien fan de betinkers fan it plan dat hjoed offisjeel presintearre wurdt, steatelid Hetty Janssen fan de PvdA. Hoefolle kâns fan slagjen hat dit plan eins?

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)