It Polytburo fan 15 oktober 2018 17:45

Luciënne Boelsma (46, CDA) is de nije wethâlder yn de gemeente De Fryske Marren. De gemeente rekke yn koarte tiid twa wethâlders kwyt, beide troch sûnensklachten, en dan ferliest in kolleezje wol wat erfaring. Dat komt min út, De Fryske Marren hat frijwat dossiers dy't lêstich binne: de slûs yn de Ofslútdyk, de miljoenen WMO-jild dy't "oars" bestege binne -en hoe sit it eins mei it akwadukt by Skarsterrien? Andries Bakker en Eric Ennema lizze it de nagelnije -beëage- wethâlder Boelsma foar.

It Polytburo

Yn de Corona tiid wie It Polytburo oars fan opset. In rige ynterviews oer Fryslân yn de Corona-krisis. Eric Ennema ûntfong gasten út it bdriuwslibben, kultuer, polityk.
(advertinsje)