It Polytburo fan 15 jannewaris 2018 18:45

    De lanlike yntocht fan Sinteklaas, op 18 novimber yn Dokkum, hat syn spoaren neilitten. Net allinnich soarge de anty-Swarte Pite-demonstraasje (en foaral it tsjinhâlden dêrfan) foar in protte trelit, no docht bliken dat de gemeente ek nochris foar frijwat mear kosten komt te stean. Sa moast it Grut Djip útbaggere wurde, en foel de bydrage fan de middenstân bot ôf. Wie it it allegear wol wurdich? Dat lizze Andries Bakker en Eric Ennema jûn foar oan de boargemaster fan Dongeradiel, Marga Waanders.

    It Polytburo

    Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
    Presintaasje: 
    Andries Bakker & Eric Ennema
    (advertinsje)