It Polytburo fan 15 april 2019 17:45

It slagget it Forum voor Democratie ek yn Fryslân net om in plakje yn it nije provinsjaal bestjûr  te krijen. It nije kolleezje, CDA, FNP, VVD en PvdA, fertrouwe FvD te min. En dêrmei krijt de grutte winner fan de provinsjale ferkiezingen it lid op 'e noas. Andries Bakker en Eric Ennema prate mei polityk lieder Maarten Goudzwaard. Wêr is it eins misgien? En hoe teloarsteld is er?

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)