It Polytburo fan 14 oktober 2019 17:30

De driiging fan hûndert trekkers, ôfrûne freed, wie foar deputearre Johannes Kramer genôch om syn hanteken ûnder it stikstofbeslút wei te heljen. Oare provinsjes folgen hjoed it Fryske foarbyld. Kommende woansdei folget in spoeddebat yn Provinsjale Steaten oer de hiele gong fan saken. Yn It Polytburo prate Andries Bakker en Eric Ennema mei VVD-steatelid èn (bio-)boer Marten Dykstra. Hoe hat dit allegear sa fier komme kind? En wat moatte de politike konsekwinsjes foar Kramer -of it hiele kolleezje fan Deputearre Steaten- wêze?

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)