It Polytburo fan 14 maart 2017 18:45

Yn de lêste ôflevering fan It Polytburo foar de keamerferkiezingen prate we mei Jouke de Vries. De Vries is politikolooch en jout lieding oan de Campus Fryslân. Hoe beoardielet hy de -hast ôfrûne- ferkiezingskampanje? Hokker partijen ha it measte op mei Fryslân? En: hokker partijen sille úteinlik oan de haal gean mei de stim fan de sweefjende kiezer? Neffens saakkundigen nimt sa'n 15 persint fan de kiezers pas moarn, yn it stimhokje, in definityf beslút.

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)