It Polytburo fan 14 maaie 2018 18:45

Wat mear as in kwart fan de kiezers yn Smellingerlân stimde op in kristlike partij. Toch komme sawol SGP, CDA as ChristenUnie nèt yn it nije kolleezje. En dat is foar it earst. De druven binne dan ek soer foar listlûker Pieter van der Zwan fan de ChristenUnie, de twadde partij yn stimmen fan Smellingerlân. Mar wêr gie it mis? Hat it ferset tsjin de keapsnein yn Drachten harren de das omdien?

Andries Bakker en Eric Ennema ûnderfreegje Pieter van der Zwan, en lykas alle moandeis is de "live-cartoon" fan Gerco van Beek it slotstik fan de útstjûring.

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)