It Polytburo fan 14 febrewaris 2017 18:45

Te gast is jûn Isabelle Diks. Diks (51) is wethâlder yn Ljouwert, mar stiet ek op de list foar GrienLinks foar de kommende keamerferkiezings. Mei har 19e plak op de list makket se sjoen de peilings kâns op in sit yn it parlemint. Dat soe wol betsjutte dat Ljouwert yn koarte tiid syn tredde wethâlder kwytrekket, nei Thea Koster en Harry van der Molen. Yn It Polytburo prate we mei har oer har ambysjes, oer wat se yn Ljouwert berikt hat, en oer it Klaver-effekt.

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)