Fryslân is noch altyd de iennichste provinsje dy't de reinbôge-flagge net op it Provinsjehûs ha wol. Foaral it CDA, de grutste partij yn de steaten, fynt it útstekken fan de flagge net nedich. Solidariteit mei de homo-mienskip hoecht net middels dy flagge útdroegen te wurden, fynt de partij. Andries Bakker en Eric Ennema prate jûn yn It Polytburo mei de fraksjefoarsitter fan it CDA, Johan Tjalsma. Nei it ynterview is fansels wer de "live"-cartoon fan Gerco van Beek te sjen.