It Polytburo fan 12 novimber 2018 17:45

Matthijs Sikkes-van den Berg is (beëage) listlûker fan Grien Links yn Fryslân. Syn partij sit wol yn hast alle gemeenterieden mar hat mar trije wethâlders en ien sit yn Provinsjale Steaten. Dat lêste wol Sikkes-van den Berg feroaring yn bringe. Fjouwer setels, dat moat neffens him mooglik wêze. Hoe dan? Dat is ien fan de fragen dy't Andries Bakker en Eric Ennema him stelle sille. En wat wol Sikkes-van den Berg dwaan oan it Rânestêd-imago dat dochs wol wat oan Grien Links kleeft?

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)