It Polytburo fan 12 maart 2018 18:45

    De provinsje is tsjin, de gemeente ek, mar net ien liket it keare te kinnen: gaswinning by Ternaard. Jûn is der in byienkomst oer dit ûnderwerp, en it pleatst ferantwurdlik deputearre Michiel Schrier (SP) yn in rare spagaat. Hy is tsjin de winning fan it gas, syn partij ek, mar it is lang om let it ryk dat beslút oft de winning trochgiet. Of is der noch in útwei? En sa net, hoe wol Schrier besykje hjir it maksimale út te slepen? 

    Andries Bakker en Eric Ennema prate jûn mei Michiel Schrier yn It Polytburo, mei fansels oan de ein fan it ynterview de wyklikse cartoon fan Gerco van Beek.

    It Polytburo

    Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
    Presintaasje: 
    Andries Bakker & Eric Ennema
    (advertinsje)