It Polytburo fan 12 febrewaris 2018 18:45

Se lykje yn in hiel soad op mekoar, de ChristenUnie en de SGP, yn Smellingerlân ha sels de ferkiezingsprogramma's sawat deselde titel. En dêr bliuwt it net by, de prinsipes en útgongspunten binne op in soad punten frijwol identyk. Werom dogge se dan beide mei? En watfoar rol spilet de affêre-De Boer, it bedriuw dat in homo-stazjêr wegere en wêrfan't de eigener no de listlûker fan de SGP is? Andries Bakker en Eric Ennema lizze de fragen foar oan Pieter van der Zwan, listlûker fan de ChrtistenUnie yn Smellingerlân.

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)