It Polytburo fan 11 septimber 2017 18:45

Yn It Polytburo is jûn Hayo Apotheker te gast. De boargemaster fan Súdwest-Fryslân is prominint lid fan D66. Mei him sille we it ha oer de formaasje fan it nije kabinet. Dy duorret al hast in heal jier. It liket der boppedat op dat syn partij frijwat fan syn idealen ynleverje moat. Sa sneuvele it referindum al, en it is noch mar de fraach wat der bart mei in tema as it frijwillich libbensein. Wurdt D66 aanst net mangele yn it nije kabinet?

Diel dit berjocht op:

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
    Radio iconUtstjoering: Alle moandeis om 18.45 oere
(advertinsje)