It Polytburo fan 11 novimber 2019 17:30

Foarhinne wie it kwalik omstriden: gaswinning. It gie meastentiids om lytse fjilden, en der kaam faak ek noch jild en wurkgelegenheid achterwei. Mar dat is wol feroare. Seker nei alle trelit yn Grinslân is de publike opniny om en stean bewenners en gemeentebestjoeren skouder oan skouder om oanfragen foar gaswinning tsjin te hâlden. Dat is eins altyd sinleas, sawol lanlike oerheid as juridyske ynstânsjes feije beswieren fan tafel. Oer de frustraasjes fan in wethâlder prate Andries Bakker en Eric Ennema mei Hanneke Zonderland fan Weststellingwerf. Helpt sels it feit dat se lid is fan in regearingspartij -it CDA- neat?

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)