Je kinne der as gemeente noch sa tsjin wêze, it hellet neat út. Noardeast-Fryslân seit "nee" tsjin de gaswinning by Ternaard, mar stiet feitlik machteleas. Feroaret de parlemintêre enkête oer de gaswinning yn Grinslân dêr no ek wat oan? Dy fraach lizze Andries Bakker en Eric Ennema oan wethâlder Jelle Boerema (VVD) fan Noardeast-Fryslân. En hoe giet it eins, yn dy nije gemeente?