It Polytburo fan 11 febrewaris 2019 17:45

De druk op de FNP-fraksje yn de gemeente De Fryske Marren wie grut: moat it plan mei de sânwinning yn de Iselmar it griene ljocht krije of net? De FNP gie úteinlik om en stimde tsjin de plannen. Dêrmei keart de partij him tsjin de miening fan koalysjegenoaten VVD en CDA, dy't foar de sânwinning binne. FNP-fraksjefoarsitter Jan Volbeda is jûn te gast yn It Polytburo. Hoe is de sfear yn it kolleezje fan De Fryske Marren?

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)