It Polytburo fan 10 jannewaris 2020 17:30

Yn de alderearste Polytburo fan 2020 -èn de earste op de freed- prate Andries Bakker en Eric Ennema mei Gerard van Klaveren. Oardel jier lang wie Van Klaveren waarnimmend boargemaster op it Amelân. Hy wie dêr oansteld om de politike rêst werom te bringen. It is de fraach oft dat slagge is, no't it yn de PvdA op it eilân -ien fan de twa kolleezjepartijen- wer behoarlik rommelet. Toch is in fusy mei de oare Waadeilannen net oan de oarder, fynt Van Klaveren. En hoe hat syn leafde foar Iislân him holpen by it bestjoeren fan it Amelân?

Oan de ein fan it petear is fansels wer de "live" cartoon fan Gerco van Beek te sjen.

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle freeds in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
Presintaasje: 
Andries Bakker & Eric Ennema
(advertinsje)