It Polytburo fan 10 jannewaris 2017 18:45

    Gast yn de earste ôflevering fan It Polytburo fan it nije jier is Jacques Monasch. Hy ferliet "syn" partij, de PvdA, en begûn syn eigen groepearring: Nieuwe Wegen. Hoefier is de Snitser mei syn kieslist? En hoe hopet er kâns te meitsjen yn in polityk lânskip wêryn't mear as tachtich partijen om de geunst fan de kiezer freegje? Andries Bakker en Eric Ennema stelle de fragen, Gerco van Beek soarget foar in fraaie kartoon.

    It Polytburo

    Polityk programma wêryn't alle moandeis in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
    Presintaasje: 
    Andries Bakker & Eric Ennema
    (advertinsje)