It paad werom fan 8 maaie 2012

Twa kear hie Fryslân de draver fan it jier yn hûs, want ek hjir waard oan hynstesport dien. En twa kear wie dat folslein net ferwachte.
Doe't it lytse Oerterper boerke Wolter Huisman om in ko soe nei hanneler Boerstra op 'e Gordyk, kaam er thús mei in hynder, Mistral Nora. Dat hynder soe útgroeie ta in sensaasje, wûn alles en waard draver fan it jier 1974, traind by de dyk del fan Drachten nei Easterwâlde. Sa'n tsien jier letter bleaunen Eelke Kruis en Evert Gaastra op in feiling hingjen oan in hynder dat foal wie. Foal fan Action Skoatter, miskien wol it bêste hynder dat ea yn Nederlân rûn hat. Yn elk gefal waard it yn 1987 hynder fan it jier. Beide hynders rinne it Paad Werom.

It paad werom

It paad werom

De redakteuren fan It paad werom gienen op ‘e siik nei minsken dy’t witte hokker ferhalen der hearre by de âlde bylden út it filmargyf.
(Advertinsje)