It paad werom fan 24 april 2012

Evert Wilstra ljepte nea wer
Fierljeppen, it is noch net iens sa'n âlde sport. We sjogge efkes nei Roel Bokke Span, acht kear Frysk kampioen, de grûnlizzer. Hy wie der mei ferantwurdlik foar dat yn de 70-er jierren it fierljeppen yn Fryslân bloeide, sadanich dat it bûtenlân ek belangstelling toande. De Fryske ljeppers demonstrearen rûnom yn de wrâld, Frysk en  Nederlânsk rekôrhâlder Evert Wilstra fan Hallum kaam telâne yn in Franske tillevyzjesjo, mar doe't er dêr letter jild foar krige woe it Frysk Ljeppersboun dy sinten hawwe. Evert hâlde hoek, it bestjoer ek. En de bêste ljepper fan dat stuit hat nea wer ljept.
Utstjoering 15 novimber 18.30 oere

Diel dit berjocht op:
It paad werom

It paad werom

Tiisdei 10 april werhellet Omrop Fryslân de twadde rige fan It paad werom oer saken en minsken út it ferline. Ek wer net yn in te fier ferline, der moat noch oer praat wurde kinne troch de minsken dy't hjoed-de-dei libje. Dat, tegearre mei in soad bylden út it ferline, makket It paad werom ta in spesjale belibbing. Dy filmkes komme wit wer wei. Sa is it âlde filmargyf fan it PEB iepenbier wurden, der bin ek films fan de belutsenen sels en in ryk ferskaat komt út it Fries Filmargyf, dat der hieltyd better yn slagget om de âlde films te rubrisearjen en digitalisearjen. Acht programma's binne der makke mei in rom ferskaat. Dizze rige waard earder útstjoerd yn novimber en desimber 2011.
(advertinsje)