It paad werom fan 15 maaie 2012

    Yn 1951 ûntstie it muzykgroepke “de Fleurige Troubadours” yn Gaasterlân. Dat wie yn in tiid dat soks noch amper bestie. De jonge minsken learden muzyk, learden sjongen, krigen in ynstrumint en giene los. Hiel Fryslân koe de folgjende twa jier mei genietsje fan harren ryk ferskaat oan muzyk. Tolve fan de fyftjin leden libje noch, bin om de 80 jier hinne, mar ha likegoed nochris in kear optreden. En fertelt oer harren roerige jeugd, dy't alhiel yn it teken stie fan de Fleurige Troubadours, dy't nei 1953 alwer ophâlden en nea wer mei elkoar spile en song ha. De jonges giene yn tsjinst, de froulju trouden.

    It paad werom

    It paad werom

    Tiisdei 10 april werhellet Omrop Fryslân de twadde rige fan It paad werom oer saken en minsken út it ferline. Ek wer net yn in te fier ferline, der moat noch oer praat wurde kinne troch de minsken dy't hjoed-de-dei libje. Dat, tegearre mei in soad bylden út it ferline, makket It paad werom ta in spesjale belibbing. Dy filmkes komme wit wer wei. Sa is it âlde filmargyf fan it PEB iepenbier wurden, der bin ek films fan de belutsenen sels en in ryk ferskaat komt út it Fries Filmargyf, dat der hieltyd better yn slagget om de âlde films te rubrisearjen en digitalisearjen. Acht programma's binne der makke mei in rom ferskaat. Dizze rige waard earder útstjoerd yn novimber en desimber 2011.
    (advertinsje)