It paad werom fan 10 april 2020 09:30

Zorabië; de opkomst en ûndergong fan de Onassis fan Langwar

Dizze ôflevering fan It paad werom giet oer in mysterieuze man dy't yn de jierren 60 yn Langwar ferskynde; Johan Zorab. Zorab wie in fisionair dy't goud seach yn de toeristyske mooglikheden fan it Fryske marregebiet. Hy kocht in ôfbaarnd boerespul en stampte yn koarte tiid it doetiids grutste rekreaasjepark fan Nederlân út de grûn, De Woudfennen. In revolutionair konsept mei betelbere rekreaasjewennings oan it iepen wetter. In dream fan in protte minsken doe.

Zorab kaam mei it iene plan nei it oare en de streek profitearre dêrfan. Toch waard hy yn de lytse mienskip mei in skeef ech besjoen. Wa wie dizze frjemdeling, dizze garismatyske hollânskprater dy't sa'n ynfloed útoefene op de minsken. Zorab krige de bynamme 'De Turk' of de 'Dutser' en luts op mei Jan Keulen. In boer dy't sa goed as bôle wie, mar him troch Zorab en syn jild ymponeare liet.

Zorab ferbjustert elkenien at hy yn 1969 in plan presintearret foar in grut eilannenprojekt mei winkels, utgeanssintra, rekreaasjefoarsjennings en strannen middenyn it Tsjûkemar. Dit yn de folksmûle neamde "Zorabië" wie bedoeld foar westerlingen dy't net mear yn de rânestêd wenje woene. It plan kosse hûnderten miljoenen, in foar dy tiid ûnfoarstelber bedrach. Elseviers Weekblad kopte grut: "Zorab, de Onassis van het Tjeukemeer."

It plan makket yn hiel Fryslân de tongen los. Foarstanners seagen de grutte ekonomyske ympuls foar de earme streek, tsjinstanners de teloargong fan de natoer en it moaie rustyke Fryslân. De wjerstân groeit...

Gerrit Hofstra gie op syk en sjocht mei belutsenen werom op de rûzige tiid fan doe. Resultaat is in spannende rekonstruksje mei moaie anektdotes.

Dit ferhaal oer de earste projektûntwikkelder fan Fryslân is fjirtich jier nei dato noch hieltyd aktueel. Hoe gean we yn Fryslân om mei fernijings en ynfloeden fan bûten ôf en hokker kant it op moat mei it toerisme yn ús provinsje.

It paad werom

It paad werom

De redakteuren fan It paad werom gienen op ‘e siik nei minsken dy’t witte hokker ferhalen der hearre by de âlde bylden út it filmargyf.
(Advertinsje)