It moaiste fan Fryslân fan 9 novimber 2017 18:45

Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer

De lêste ôflevering fan It Moaiste fan Fryslân giet oer it Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer, it âldste noch wurkjende planetarium yn ‘e wrâld. Yn amper sân jier tiid boude amateur-astronoom Eise Eisinga ús sinnestelsel nei yn syn wenkeamer. It raderwurk fan planeten en tiid sprekt in grut publyk ta de ferbylding. Rûnom út de wrâld komme jierliks 50.000 toeristen nei Frjentsjer om it planetarium te besjen. Wittenskipper Arjen Dijkstra hat de ôfrûne jierren it libben fan Eise Eisinga bestudearre en hat dêrby in hiel oar byld fan him krigen, as dat de skiednisboeken ús fertelle.

Sjoch nei de tuskenstân en stim op dyn favoryt út de top 10 op www.itmoaistefan.frl

It moaiste fan Fryslân

Omrop Fryslân stjoerde yn 'e hjerst fan 2017 tsien wiken in telefyzjesearje út oer de tsien finalisten fan de ferkiezing 'It moaiste fan Fryslân'. De kommende wiken wurdt dizze searje op tongersdei werhelle.
(advertinsje)