It moaiste fan Fryslân fan 2 novimber 2017 18:45

    Seedyk lâns de waadkust

    Dizze kear stiet yn It Moaiste fan Fryslân stiet de seedyk lâns sintraal. De seedyk tusken Harns en Lauwerseach hat in rike histoarje. De earste diken, dy’t de Friezen beskermje moasten tsjin de see, wiene amper in meter heech. Se waarden yn de tolfde iuw oanlein troch muontsen, dy’t spesjaal nei Fryslân helle waarden omdat se bekend stiene as goeie dikebouwers. Foar dy tiid sochten Friezen in feilich hinnekommen tsjin de see op terpen.

    Streekhistoarikus Sytse Keizer en keunstskilder Hendrik Elings fertelle beide út eigen perspektyf hokker betsjutting de seedyk foar harren hat. “It is in griene rups dy’t oerdeis troch it lânskip krûpt en nachts feroaret yn in ridende trein mei ferljochte kûpees’’, sa seit Elings.

    Sjoch nei de tuskenstân en stim op dyn favoryt út de top 10 op www.itmoaistefan.frl

    It moaiste fan Fryslân

    Omrop Fryslân stjoerde yn 'e hjerst fan 2017 tsien wiken in telefyzjesearje út oer de tsien finalisten fan de ferkiezing 'It moaiste fan Fryslân'. De kommende wiken wurdt dizze searje op tongersdei werhelle.
    (advertinsje)