It moaiste fan Fryslân fan 16 novimber 2017 18:45

De winner fan de ferkiezing 'It moaiste fan Fryslân' is op tongersdei 16 novimber yn in útstjoering fan Fryslân Hjoed, fan 17.00 oere ôf, op lokaasje bekendmakke. Dêrnei wie yn dit programma de útstjoering fan de winner, it Eise Eisinga Planetarium yn Frentsjer, fan It moaiste fan Fryslân' te sjen.

De kânshawwers op de titel 'It moaiste fan Fryslân' wiene: it Planetarium yn Frjentsjer (winner), de Wetterpoarte yn Snits, it Karmelklooster yn Drachten, Park Vijversburg yn Tytsjerk, it stêdhûs fan Boalsert, de Kliffenkust by Warns, Apotheek Centraal yn Ljouwert, de Noorderhaven fan Harns, de eilanner húskes op Skiermûntseach en de seedyk lâns de Fryske waadkust.

It moaiste fan Fryslân

Omrop Fryslân stjoerde yn 'e hjerst fan 2017 tsien wiken in telefyzjesearje út oer de tsien finalisten fan de ferkiezing 'It moaiste fan Fryslân'. De kommende wiken wurdt dizze searje op tongersdei werhelle.
(advertinsje)