It jier út fan 31 desimber 2016 09:00

    Hjoed gjin Op en Út mar sjogge we mei in knypeach werom op it jier 2016 yn dit programma It Jier Út.

    Roelof Lousma sjocht werom mei de fêste gasten fan Op en Út Johan de Jong en Piet Paulusma. Mar hy praat fierder mei alderhande gasten foar wa it jier 2016 wichtich wiene. Bygelyks mei de para-olymyske medaillewinners Lisette Bruinsma en Alyda Norbruis, mei Geert Verf en Klaas Koopman oer de komst fan de F35, en mei "Mees Kees" Freerk Brouwer en Erin Timmer.

    Fansels is der ek live muzyk. Dizze kear fan Sytse Haima, dy't yn 2016 syn earste solo album útbrocht hat. En fan liet winnares Aafke Zuidersma.

    Miranda Werkman is op paad as ferslachjouwer. Elk oere giet se nei in bysûndere gast. De earste bysûndere gast ferklappe we alfêst: Akke Marije Marinus, winnares fan Holland Next Top Model 2016.

    09:19 - Bangles - Walk Like An Egyptian
    09:32 - Shawn Mendes - Treat You Better
    09:44 - Gurbe Douwstra - As It Myn Tiid Is
    10:33 - Douwe Bob - Slow Down
    10:44 - Sia Ft. Kendrick Lamar - The Greatest
    11:32 - Sheppard - Geronimo
    12:12 - Bastille - Good Grief
    12:24 - Grytz & Grize - Bliuw By My

    It jier út

    Op âldjiersdei sjogge wy werom op it jier 2017. Wat wiene de hichte- en djiptepunten? Presintator Jan Durk de Haan komt yn it programma 'It jier út' mei in jieroersjoch.
    (advertinsje)