It Grut Frysk Diktee fan 5 april 2017 17:35

    Karen Bies fan Omrop Fryslân presintearret it programma en sil it diktee ek foarlêze. De tekst foar it Grut Frysk Diktee is dit jier skreaun troch Tet Rozendal. De bekende Friezen dy’t dit jier meidogge oan it diktee binne: parasportfrou fan it jier Alyda Norbruis, skûtsjeskipper fan it Hearrenfean Sytze Brouwer en syn twillingbroer Harmen, trûbadoer Frerik de Swetser, skriuwster Hilda Talsma, Tryater-akteurs Brecht Wassenaar en Romke Gabe Draaijer, presintator Willem de Vries alias Willem Waldpyk, sjongeres Marit Talens en Omrop Fryslân-presintatrise Afke Boven.

    It Grut Frysk Diktee

    It Grut Frysk diktee is op woansdei 27 juny te sjen by Omrop Fryslân. Op it Aldehoustertsjerkhôf bûge 680 dielnimmers, wêrûnder in oantal bekende Friezen, harren oer it diktee. Folgje thús de prestaasjes fan de dielnimmers of pak pinne en papier en doch sels mei.
    (advertinsje)