It Gouden Spiker Festival

It Gouden Spiker Festival op Omroplive.nl
Live op Omroplive.nl op sneon 25 maaie 2013

Op Omroplive.nl is kommend wykein de 18e edysje fan it Gouden Spiker Festival te hearren. De live ynternetstjoerder fan Omrop Fryslân is sneon 25 maaie it poadium foar fanfaremuzyk. It festival biedt amateurorkesten in mooglikheid ta in optreden foar publyk en wurdt holden yn it MFC ‘De Wier’ yn Oerterp.

De ‘Stichting Culturele Activiteiten Opsterland’ organisearret it Gouden Spiker Festival jierliks foar Brassbands en Fanfares dy’t útkomme yn de 5e, 4e en 3e divyzje. Sneon 25 maaie giet it allinne om de fanfares. Mei 25 dielnimmende korpsen giet it om sa’n 900 muzikanten dy’t optrede. De korpsen komme út Fryslân, Grinslân, Oerisel, Noard-Hollân, Drinte en Gelderlân. It Gouden Spiker Festival wurdt op sneon 25 maaie de hiele dei live útstjoerd fia in audiostream. Der binne gjin bylden te sjen. Minsken kinne reagearje fia twitter mei de hashtag #2013GSF. De berjochten komme foarby yn byld.

Omrop Fryslân Radio makket sneon ek opnamen fan it festival foar it radioprogramma Muzyk Maskelyn en de ynternetstjoerder Koperkanaal.nl.
It programma Muzyk Maskelyn is sneins fan 18:00 oant 19:00 oere te hearren op Omrop Fryslân Radio, 92.2FM is. It webradiostasjon Koperkanaal.nl is der non-stop, spesjaal foar leafhawwers fan muzyk fan harmony, fanfare en brassbands.

It Gouden Spiker Festival
Sneon 25 maaie 2013, fan 09:00 oere oant jûns let op www.omroplive.nl.

Gouden Spiker Festival trailer

Diel dit berjocht op:

Omroplive.nl

Omroplive.nl is it temakanaal fan Omrop Fryslân op ynternet. Op www.omroplive.nl kinne je altiten live nei Omrop Fryslân tv sjen. Dêrnjonken biede wy op dit temakanaal ek geregeld oare saken oan.
(advertinsje)