It firus en Auke Swart

Auke Swart fan Seisbierrum ferliest syn grutte leafde Wike oan de begjin fan de earste golf. In tiid dat gjin ien del doarde te kommen om har noch by de hân te pakken en sa ôfskied te nimmen foardat se har selskeazen dea temjitte giet.

It firus en ik

‘It firus en ik’. Fiif persoanlike ferhalen fan minsken oer de ympakt fan corona. Se wurkje yn de soarch of binne sels siik wurden. Ha har neiste ferlern of biede treast oan alderein dy’t hielendal allinne kamen te sitten. Ferhalen dy’t oars ek live ferteld wurde soene op de Verhalenavond op 6 november. Mar corona makket alles oars dit jier. Omrop Fryslân tekent in seleksje fan de ferhalen op yn de podcastrige ‘It firus en ik’.
(Advertinsje)