It bêste fan LF2018 fan 7 juny 2018 18:45

Yn dizze ôflevering:

Colorfield Performance

Toeristen en oare belangstellenden dy't dizze simmer nei Sleat komme om de nije fontein fan de Eleven Fountains te besjen, kinne ek hast net om it Land Art-projekt 'Colorfield Performance' fan de Snitser keunstner Dirk Hakze hinne. At je in kuier meitsje oer it stikje bolwurk en efkes ho hâlde by it kanon, sjogge je de panielen stean. De foarsten al beskildere, de eftersten noch wyt.

Trije reuzen nei Ljouwert
Der komme yn augustus gjin twa, mar trije reuzen nei Ljouwert. Dat wie it grutte nijs by in byienkomst fan frijwilligers fan it projekt 'De Reuzen van Royal Deluxe'. Der binne yn totaal sa'n 225 frijwilligers nedich foar it reuzespektakel yn augustus. By dat spektakel wurde yn trije dagen tiid 450.000 minsken ferwachte.

De frijwilligers, en minsken dy't mooglik as frijwilliger aktyf wêze wolle, krigen woansdeitejûn útlis oer wat se dwaan moatte by it evenemint. Dat ferskilt fan meirinne mei linten om it publyk op ôfstân te hâlden, wetter útdiele tsjin de waarmte of achter de skermen oan it wurk te wêzen.

Oer it evenemint sels waard net folle dúdlik. Sa byldzje de reuzen in typysk Frysk ferhaal út, mar it ferhaal sels moat noch geheim bliuwe.

DNA LWD2018
It is de bedoeling dat elkenien dy't wat mei Ljouwert hat, wat yn de buiskes docht. Gjin echt DNA fansels, mar wol wat persoanliks dat in ferhaal fertelt. Ek yn dizze ôflevering wer in bysûnder ferhaal.

Kolleksje Made in Holland yn Karemiekmuseum mooglik op reis
De útstalling Made in Holland yn it Keramiekmuseum Princessehof is noch net iepen oft der binne al plannen om mei in part fan dizze kolleksje op reis te gean. Made in Holland jout in oersjoch fan 400 jier Nederlânske keramyk. It begjint om it jier 1600 hinne mei Delfts blau en it einiget yn it no mei Dutch Design. It is foar museum Princessehof dé útstalling fan Ljouwert-Fryslân 2018.

Op reis: Ut it bûtenlân wei is al belangstelling foar de útstalling. Kris Callens, direkteur fan it Fries Museum, hat kontakten yn Japan. De eksposysje moat dêr dan op meardere plakken te sjen wêze. Dêrnei soe de oerstek makke wurde nei de Feriene Steaten. Dêr wurdt op it stuit noch socht nei geskikte plakken. Mei dizze reis komt it tema fan dizze útstalling goed ta syn rjocht: de eksport fan it diggelguod troch de iuwen hinne.

It bêste fan LF2018

Fan alle reportaazjes oer de LF2018 projekten is it programma 'It bêste fan LF2018' foarme dat alle tongersdeis om 18.45 oere te sjen is op telefyzje.
(advertinsje)