It bêste fan LF2018 fan 6 septimber 2018 17:45

Yn dizze ôflevering:

Iepenloftspul: Silte Liefde op It Bilt:

'Silte Liefde' spilet op It Bilt. It is in ferhaal oer de leafde tusken twa minsken, mar ek oer de leafde foar dyn bertegrûn. Der komme ekstra foarstellingen fan dit LF2018-iepenloftspul. 'Silte Liefde' is in teäterstik efter de seedyk fan it Waad, op It Bilt, in gemeente dy't net mear It Bilt hjit, mar Waadhoeke. En just dêrom hawwe de Bilkerts in grut iepenloftspul oer It Bilt makke. Op 6, 7, 8 en 9 septimber kin it publyk fan de seedyk ôf it leafdesferhaal meimeitsje, tsjin it dekôr fan de Waadsee, mei muzyk fan de Feetwarmers.

Sa't de makkers it sels yn it Biltsk fertelle: 'In ferhaal over levens die't formd worre deur opfoeding, over ferlangens en hoop, over liefde 'n Silte Liefde' want 't sit in 't leven niet altied met. Maar ok over liefde foor je geboortegrond, foor de Westhoek, 't Wad, nog so'n liefde '.
 

Friezen om utens:

Wannear langest it meast nei thús? Programmamakker Miranda Werkman ynterviewt Friezen oer de hiele wrâld. Wat dogge se dêr? Wannear fiele se har thús? Wat bepaalt 'thús'? Mar ek oer hoe't kontakt feroaret op ôfstân, hoe om te gean mei feroaringen. Wêr dreame se fan en hoe meitsje se dat wier?  Yn dizze ôflevering Froukje van der Hoek, se wennet op Baly. Nei har oplieding hbo-v beslút se hiel wat oars te dwaan. Mar ja, is dat de bêste kar ek foar de takomst?
 

It ferhaal achter De Stormruiter:

It Frysk hynder en it Waadlânskip fan It Bilt spylje de haadrol yn de foarstelling De Stormruiter.
In foarstelling dy't basearre is op in klassiker út de Dútske literatuer.

Tsientûzenen teäter- en hynsteleafhawwers sille it grutte hynstespektakel, dat ien fan de spearpunten fan LF2018 foarmet, bywenje. Fryslân DOK dûkt yn it oarspronklike ferhaal en siket út hoe relevant dat noch is foar it hjoeddeiske Fryslân. De dokumintêre wie snein 2 septimber te sjen op Omrop Fryslân.

It bêste fan LF2018

Fan alle reportaazjes oer de LF2018 projekten is it programma 'It bêste fan LF2018' makke. Hjoed in kompilaasje fan it hiele jier.
(advertinsje)