It bêste fan LF2018 fan 5 july 2018 17:35

Yn dizze ôflevering:

8ste dag

It sintrum fan Ljouwert stiet op snein 8 july folslein yn it teken fan domino mei it Kulturele Haadstêdprojekt '8ste dag'. Yn fiif oeren tiid soargje minsken, foarwerpen, masines, bouwurken en foarstellings foar ien lange kettingreaksje. In foarpriuwke fan de 8ste dag mei twa fan de 48 skeakels. No snein de 8ste dag live  op telefyzje by Omrop Fryslân.

DNA LWD2018
It doel is dat elkenien dy't wat mei Ljouwert hat, wat yn de buiskes docht. Gjin echt DNA fansels, mar wol wat persoanliks dat in ferhaal fertelt. Ek yn dizze ôflevering wer in bysûnder ferhaal.

ElfwegenVLOG: Bauke besiket it elektrysk

De Elfwegentocht: twa wiken lang sil Fryslân besykje om sa fossylfrij mooglik te reizgjen. Mar hoe wurket dat eins yn de praktyk? Wy sille alle moarntiden mei immen meiride nei it wurk. En dat giet fansels op in fossylfrije wize. Moandei begjinne wy mei Tsjeard Hofstra, de projektlieder fan de Elfwegentocht. Vlogger Bauke Deelstra stapt by him yn de elektryske auto, op wei nei kantoar!

De dûker, it famke en de hûn Xolo: de reuzen fan Royal de Luxe yn Ljouwert

De dûker, it famke en de hûn Xolo. Dat binne de trije reuzen fan Royal de Luxe dy't yn augustus nei Ljouwert ta komme. Op in parsekonferinsje yn Madurodam fertelden artistyk direkteur Jean-Luc Courcoult en produsint Claudia Woolgar it ferhaal dat him op 17, 18 en 19 augustus yn de Kulturele Haadstêd ôfspylje sil.

It bêste fan LF2018

Fan alle reportaazjes oer de LF2018 projekten is it programma 'It bêste fan LF2018' foarme dat alle tongersdeis om 17.45 oere te sjen is op telefyzje.
(advertinsje)