It bêste fan LF2018 fan 4 oktober 2018 17:45

Yn dizze ôflevering:

Trijehûndert froulju borduere oan lint foar de frede:

Borduere foar de frede is in nobel stribjen. Mayken Geersing fan 'Het andere museum' yn Ljouwert hat mei trijehûndert oare froulju in lint benaaid dat oer frede giet. Mayken hie net tocht dat safolle froulju oan har kulturele mienskipsprojekt meidwaan woene.

Friezen om utens:

Wannear langest it meast nei thús? Programmamakker Miranda Werkman ynterviewt Friezen oer de hiele wrâld. Wat dogge se dêr? Wannear fiele se har thús? Wat bepaalt 'thús'? Mar ek oer hoe't kontakt feroaret op ôfstân, hoe om te gean mei feroaringen. Wêr dreame se fan en hoe meitsje se dat wier? Yn dizze ôflevering Oetze Deelstra út Lúksemboarch.
 

Twahûndertfyftich skiep rinne kilometerslange tocht troch Fryslân hinne:

Twahûndertfyftich skiep rinne yn acht dagen tiid fan Wynjewâld nei Kulturele Haadstêd Ljouwert. Se wurde begelaat troch acht skieppehoeders. De Grutte Fryske Skieppekuierneame se de tocht. Sneon wie de earste etappe.

It bêste fan LF2018

Fan alle reportaazjes oer de LF2018 projekten is it programma 'It bêste fan LF2018' makke. Hjoed in kompilaasje fan it hiele jier.
(advertinsje)