It bêste fan LF2018 fan 31 maaie 2018 18:45


Yn dizze ôflevering:

Teätrale kuier 'Yn it skaad fan de toer' folslein útferkocht

De teätrale kuier 'Yn it skaad fan de toer' is folslein útferkocht. Dit wykein set dizze foarstelling fan 'Under de toer' fan Kulturele Haadstêd útein. It giet oer it geroft dat Antsje van Uijlenburg yn 'e tsjerke fan Ryptsjerk begroeven leit. Antsje is de âldere suster fan Saskia van Uylenburg, de frou fan Rembrandt van Rijn. De Uylenburgs hiene yn de santjinde iuw in bûtenferbliuw yn Ryptsjerk.

Begroeven yn Ryptsjerk
It ferhaal giet dat Antsje yn de tsjerke fan Ryptsjerk begroeven leit. De koster fan de tsjerke soe de stien yn 1930 ferlein hawwe, om't minsken dêr oer stroffelen. Der leit no in houten flier. Der is nea offisjeel ûndersyk dien, wêrtroch it geroft noch hieltyd bestiet. Der wurdt flink op los spekulearre. Want soe Rembrandt syn skoansuster in skilderij meijûn hawwe op har lêste reis?

Utferkocht
De kaarten foar de kuier binne al útferkocht. Wol binne der noch kaarten foar konserten fan de Poalske band Kroke, dy't yn it ramt fan de foarstelling Ryptsjerk oandocht. Kaarten foar de foarstelling yn oktober binne der noch wol.

DNA LWD2018
It is de bedoeling dat elkenien dy't wat mei Ljouwert hat, wat yn de buiskes docht. Gjin echt DNA fansels, mar wol wat persoanliks dat in ferhaal fertelt. Ek yn dizze ôflevering wer in bysûnder ferhaal.

Dit binne de Froulju fan Fryslân
Hast twahûndert waarden nominearre, mar wa binne de seis Fryske froulju dy't in eigen stânbyld fertsjinne hawwe? It projekt Froulju fan Fryslân hat dêr de lêste wiken yn hiel Fryslân nei op syk west. Woansdei is bekend makke hokker froulju harren 'Frou fan Fryslân' neame meie en in eigen stânbyld fertsjinje.

 

It bêste fan LF2018

Fan alle reportaazjes oer de LF2018 projekten is it programma 'It bêste fan LF2018' foarme dat alle tongersdeis om 17.45 oere te sjen is op telefyzje.
(advertinsje)