It bêste fan LF2018 fan 3 maaie 2018 18:45

Yn dizze ôflevering:

Blije kerk

It libben fan in doarpspredikant en it doarpslibben yn in krimpregio yn byld bringe. Dat is it doel fan it projekt 'Blije kerk' fan dûmny Maarten Boersema fan Blije. De kommende moannen wurde yn it doarp ferskate foto's fan de 31-jierrige dûmny tentoansteld, as ûnderdiel fan it projekt 'Sense of place' fan Kulturele Haadstêd.


DNA LWD2018

It is de bedoeling dat elkenien dy't wat mei Ljouwert hat, wat yn de buiskes docht. Gjin echt DNA fansels, mar wol wat persoanliks dat in ferhaal fertelt. Ek yn dizze ôflevering wer in bysûnder ferhaal.

Froulju fan Fryslân

Froulju kinne fan no ôf nominearre wurde foar it projekt 'Froulju fan Fryslân'. Programmamakker Marleen Godlieb en byldzjend keunstner Natasja Bennink binne begûn mei de 'kampanje' om nominaasjes binnen te krijen. Se wienen dêrfoar yn serviceflat Oranjewoud op It Hearrenfean. Se fregen de bewenners en meiwurkers wa't har froulike held is dy't in stânbyld fertsjinnet.
De iennige betingst is dat de nominearren Friezinnen binne en noch libje.

Seis froulju wurde útkeazen, in trochsneed fan de Fryske mienskip, en dy krije dan in brûnzen boarstbyld. Dy bylden krije dizze hjerst in plakje yn it Oenemapark op It Hearrenfean. Letter komt in prominint plak yn de binnenstêd fan Ljouwert.

Oprop

Watfoar Fryske frou fertsjinnet in stânbyld? It giet net om ferneamde of histoaryske froulju, mar froulju fan no. Wa ynspirearret, soarget, is bysûnder of krekt gewoan, wa kin net mist wurde, wa mei en moat sjoen wurde en wa hat in bysûnder ferhaal? Minsken kinne in frou yn har omjouwing nominearje fia Omropfryslan.nl/fff.

Escher op Reis

It moat it kassukses fan it Fries Museum fan 2018 wurde: de tentoanstelling 'Escher op reis', dy't no sneon fan start giet. M.C. Escher is ien fan de bekendste keunstners fan de wrâld, mar dat hy út Ljouwert kaam, dêr hat Fryslân én it Fries Museum oant no ta noait safolle oandacht oan bestege, mar no wol.

It museum kiest derfoar om it persoanlike ferhaal te fertellen. De ûntwikkeling fan Escher yn syn libben, jeugd yn Ljouwert, oplieding Haarlem, reizen nei Italië, it Alhambra yn Spanje, Switserlân. Der is in soad te sjen. Kinst as besiker tichtby Escher komme, hoe't hy wurke, wat hy makke.

It bêste fan LF2018

Fan alle reportaazjes oer de LF2018 projekten is it programma 'It bêste fan LF2018' foarme dat alle tongersdeis om 18.45 oere te sjen is op telefyzje.
(advertinsje)