It bêste fan LF2018 fan 28 juny 2018 17:35

Yn dizze ôflevering:

'Escher in het graan', keunstwurken op It Bilt

Sûnt koart dûke der yn de greiden fan It Bilt tige grutte figueren op: saneamde nôt sirkels. Mar wês net benaud, it is net it wurk fan 'aliens'. Keunstners hawwe acht grutte tekeningen yn it nôt makke, as oade oan it Biltske lânskip en Escher.

Keunstner Henk Rusman wennet al jierren op It Bilt en is de inisjatyfnimmer fan it projekt 'Escher in het graan'. Hy hat seis oare keunstners út Fryslân en dêr bûten frege om hjir oan mei te dwaan. Sy hawwe sels de ûntwerpen foar it nôt makke, mei it wurk fan Escher as ynspiraasje.

Dy sirkels, dêr moatte je flink foar stampe. Mei touwen en pealtsjes wurde de figueren útset en mei in planke oan twa touwen platdrukt. It is noch betiid yn it jier, dus it nôt is noch taai. Guon keunstners hawwe derfoar keazen om dêrom it nôt te meanen. It wurk wurdt troch de keunstners en frijwilligers dien.

Planeet Escher fan it Fries Museum en Sense op Place meitsje 'Escher in het graan' mooglik. De keunstwurken binne yn de Bildtse Aardappelweken fan 21 juny ôf te sjen foar besikers. Leafhawwers fan it reuzerêd kinne dêr fan 29 juny ôf tsien dagen fan genietsje.

DNA LWD2018
It doel is dat elkenien dy't wat mei Ljouwert hat, wat yn de buiskes docht. Gjin echt DNA fansels, mar wol wat persoanliks dat in ferhaal fertelt. Ek yn dizze ôflevering wer in bysûnder ferhaal.


Feestlike iepening keunstnerdoarp Asgaard

Keunstnersdoarp Asgaard by Ljouwert is sneon mei in simmerfeest offisjeel iepene foar publyk. Keunstners en frijwilligers hawwe yn it doarp bouwurken makke dy't mei de Noarske mytology te krijen hawwe. Op it feest ek ferskillende optredens fan muzikanten en bands.

Asgaard is in ûnderdiel fan LF2018. De Ljouwert CDA-fraksje hie earder fragen steld oan it kolleezje oer Asgaard. Dat gie oer mooglike yllegale bewenning, dy't net konstatearre is. In oare fraach wie oft it der net wat netter útsjen kin. En in fraach wie wannear't it publyk Asgaard besjen kin. Nei besite fan twa CDA-ers is ôfpraat dat der in iepeningsfeest komt, sadat der in offisjeel momint is dat it keunstnersdoarp tagonklik wurdt foar publyk.

It bêste fan LF2018

Fan alle reportaazjes oer de LF2018 projekten is it programma 'It bêste fan LF2018' foarme dat alle tongersdeis om 17.45 oere te sjen is op telefyzje.
(advertinsje)