It bêste fan LF2018 fan 27 septimber 2018 17:45

Yn dizze ôflevering:

The Colorfield Performance:
It skilderij projekt The Colorfield Performance fan keunstner Dirk Hakze by Sleat is klear. Keunstner Eduard Frieser fan Grou hat moandei mei noch in pear oaren de lêste wurken makke. Dêrmei binne de 499 panielen beskildere. Se steane opsteld yn in trijehoeke yn in greide yn de iepen loft. Mei elkoar ha 440 keunstners deroan meiwurke. Minsken kinne troch it keunstwurk hinne rinne, it binne stik foar stik skilderijen, mar alles mei inoar foarmet ek ien grut keunstwurk, in soarte fan land art.

Friezen om utens:
Wannear langest it meast nei thús? Programmamakker Miranda Werkman ynterviewt Friezen oer de hiele wrâld. Wat dogge se dêr? Wannear fiele se har thús? Wat bepaalt 'thús'? Mar ek oer hoe't kontakt feroaret op ôfstân, hoe om te gean mei feroaringen. Wêr dreame se fan en hoe meitsje se dat wier? Yn dizze ôflevering Theo de Jong yn Súd-Afrika.

Nasjonaal Grafykplatfoarm VOG fiert jubileum yn Ljouwert:
It lanlik platfoarm foar Grafyske Keunstners bestiet 25 jier en hâldt syn jubileum eksposysje yn de Zaailand-Galerie yn Ljouwert. Foar it 25-¬jierrich jubileum fan 'Bijzondere Grafiek van Grafiek¬platform VOG' wurkje Fryske dichters gear mei grafyske keunstners.

 

It bêste fan LF2018

Fan alle reportaazjes oer de LF2018 projekten is it programma 'It bêste fan LF2018' makke. Hjoed in kompilaasje fan it hiele jier.
(advertinsje)