It bêste fan LF2018 fan 26 april 2018 18:45

Yn dizze ôflevering:

Potatoes go wild:

Oan de Aldebiltdyk by Sint-Jabik is freed it evenemint 'Gewaaksefjild' úteinset. Op trije bunder lân binne dêr fyftich gewaaksen plante dy't ea diel útmakken fan de lânbou op It Bilt. Yn it midden is mei tulpen it logo fan Kulturele Haadstêd oanlein.

Het heilige hert van Cambuur:

Fuotbalje yn 'e tsjerke; dat mocht foar ien kear yn Goutum. Foar de opnamen fan in filmke foar de foarstelling 'Het heilige hart van Cambuur'. Dat stik is ûnderdiel fan Under de Toer fan Kulturele Haadstêd. It giet oer it logo fan Cambuur: it reade hert, dat ek it famyljewapen is fan de Van Cammingha's.

De profylfoto fan Klaas:

In groep fan tweintich minsken út Wommels is dizze wike yn Vollsjö, yn Súd-Sweden, foar in projekt fan Kulturele Haadstêd. It giet om minsken mei in beheining, kliïnten fan Tywerthiem (Talant), dy't dêr sjonge sille mei in Sweedsk koar dêr't ek minsken yn sitte dy't in beheining ha. Dêr wurde fideobylden fan makke, dy't brûkt wurde sille yn in foarstelling fan it projekt 'Under de Toer' yn de tsjerke fan Wommels.

DNALWD 2018:

It is de bedoeling dat elkenien dy't wat mei Ljouwert hat, wat yn de buiskes docht. Gjin echt DNA fansels, mar wol wat persoanliks dat in ferhaal fertelt. Ek yn dizze ôflevering wer in bysûnder ferhaal.

11Fountaints:

De twadde fontein fan it 11Fountaints-projekt stiet teplak. Op it plein foar de supermerk yn Sleat stiet de Ljippefontein, in hast fiif meter heech keunstwurk. It keunstwurk is in famke mei in fûgeltsje yn har hannen. Se stiet op de skouders fan in jonkje, dat op in bult amers en molkbussen stiet. De fontein is ûntwurpen troch Lucy en Jorge Orta út Grut-Brittannië en Argentinië. It keunstnersechtpear wennet yn Parys en wie net by de pleatsing fan harren fontein. Mei in skype-ferbining hawwe se dochs oanjûn hoe't se it hawwe woene.


 

It bêste fan LF2018

Fan alle reportaazjes oer de LF2018 projekten is it programma 'It bêste fan LF2018' foarme dat alle tongersdeis om 18.45 oere te sjen is op telefyzje.
(advertinsje)