It bêste fan LF2018 fan 24 maaie 2018 18:45

Yn dizze ôflevering:

11Fountains
De 11 fonteinen yn de 11 Fryske stêden wurde freed 18 maaie iepene. De fonteinen binne ûntwurpen troch ynternasjonale keunstners yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân 2018. De reportaazje jout in oersjoch fan alle fonteinen.

Fûgelhutte
De Napolitaan, de Dútske riger, de feantraper. It binne allegearre net besteande fûgels, betocht troch keunstner O.C. Hooymeijer. Yn syn nije wurk, in fûgelhutte yn natuergebiet Rottige Meente, stean ek net besteande fûgels sintraal.

De keunstner út Spangea iepenet op 27 maaie syn nije keunstobjekt: in spesjale fûgelsjochhutte. Yn de hutte is fan alles te sjen: muorreplaten mei net-besteande fûgels, in list mei nammen fan minsken dy't wat bestjut hawwe foar de natuer, lykas Darwin en Marianne Thieme. Mar ek net besteande fûgelnammen stean op 'e list.

DNA LWD2018
It is de bedoeling dat elkenien dy't wat mei Ljouwert hat, wat yn de buiskes docht. Gjin echt DNA fansels, mar wol wat persoanliks dat in ferhaal fertelt. Ek yn dizze ôflevering wer in bysûnder ferhaal.

Skiep kuierje yn septimber fan Súdeast-Fryslân nei Ljouwert
Lânskipsbehear Wylde Weide wol yn it ramt fan LF2018 ein septimber in spesjale 'Grutte Fryske Skieppekuier' organisearje. Yn acht dagen tiid moat in keppel skiep mei ferskate hoeders in tocht meitsje út it súdeasten fan Fryslân wei nei Ljouwert ta. Om't de skieppehoeders it idee hawwe dat keppels weidzjende skiep foar safolle positive reaksjes soargje, wolle se in grutte keppel skiep oan de ynwenners fan Fryslân sjen litte.

It bêste fan LF2018

Fan alle reportaazjes oer de LF2018 projekten is it programma 'It bêste fan LF2018' foarme dat alle tongersdeis om 17.45 oere te sjen is op telefyzje.
(advertinsje)