It bêste fan LF2018 fan 23 augustus 2018 18:35

Yn dizze ôflevering:

Reuzen lûke op snein 175.000 besikers, mar oer trije dagen mear as 400.000:

It totale besikersoantal is dêrmei boppe de 400.000 útkaam, seit boargemaster Crone. De earste dei wiene der 95.000 minsken foar de Reuzen nei de stêd takaam. Sneon wiene it der tusken de 150.000 en de 160.000 minsken. It ôfskied fan de Reuzen op snein wie it drokste. Neffens de gemeente Ljouwert hawwe der 175.000 besikers west.

In kompilaasje fan it ôfrûne wykein, de Reuzen fan Royal de Luxe.

It bêste fan LF2018

Fan alle reportaazjes oer de LF2018 projekten is it programma 'It bêste fan LF2018' foarme dat alle tongersdeis om 17.45 oere te sjen is op telefyzje.
(advertinsje)